menu | Foto's side 1 fan 2
     

It foto-argyf fan Aldfaers Erf hat in lytse tûzen foto's. Dy foto's litte sa goed as allegear wat sjen fan de doarpen Bitgum, Bitgummole en Ingelum.

Oarspronklik stiene dy foto's allegear op kaarten plakt mei in beskriuwing der by. Hoe't dat krekt wie, kinst yn dit foarbyld sjen.

Op dizze side binne de foto's ûnderbrocht yn in database. De omskriuwings binne allegear opnij typt en dêrby binne sûnder mis flaters makke.

Wy noegje elk fan herten út om sokke flaters oan te jaan yn de kommentaren ûnder de foto's.

En dêrmei komme wy tagelyk by de aardichste kant fan dizze side. It is dus mooglik kommentaar op de foto's te jaan.

 

 

Mar it is ek mooglik, en wy soene it prachtich fine as dat ek dien waard, om dyn eigen foto's op de side te publisearjen. Dat kin fan elke kompjûter ôf mei ynternetferbining. Aldfaers Erf krijt automatysk berjocht as der nije foto's oanbean wurde en moat dy earst goedkarre foardat se op de side publisearre wurde. It seit himsels dat de foto's yn de sfear fan de side passe moatte. De weegbrêge yn Bitgummole is sa'n foarbyld lykas ek de pikehokken fan Krinus Dijkstra yn Bitgum. Mar ek foto's fan jubilea fan ferienings en reúnys passe der goed by. It leafst by alle foto's wol goed oanjaan wat en/of wa't der op te sjen binne.