menu | Foto's side 2 fan 2
     

Fierder is it by it sykjen oan te rieden de sykterms sa koart mooglik te hâlden. Ast bygelyks sykje wolst om fan alles en noch wat dat mei ierdappels te meitsjen hat, sykje dan om 'ierdappel' en net om 'ierdappels'. En noch better is om te begjinnen mei 'ierd'. As der dy dan tefolle foto's foar it ljocht komme, kinst altyd de sykterm noch útwreidzje.

Noch in lytse opmerking oer de wurking fan de side: foto's wurde yn earste ynstânsje oanbean as hiel lytse plaatsjes.

 

 

Ast op sa'n plaatsje klikst dan wurdt it grutter. Dat gruttere plaatsje kinst meastentiids noch in kear op klikke en dan wurdt it noch grutter en is dêrmei geskikt om út te printsjen. Om foto's yn hege-resolúsje te krijen om bygelyks te brûken foar ôfdrukken yn boeken is it oan te rieden kontakt op te nimmen mei Aldfaers Erf (sjoch by kontakt). Foto's kinne dan oanlevere wurde op 300dpi (needsaaklik foar profesjonele printers).

Genôch eamele: gau nei de fotoside (de side iepenet yn in nij finster).