menu | Oer dizze side
     

Dizze side is in inisjatyf fan Aldfaers Erf, de feriening foar doarpsskiednis fan Bitgum en omkriten. Aldfaers Erf is oprjochte yn 1978.

Aldfaers Erf hâldt geregeld byienkomsten dêr't sprekkers of eigen leden noege wurde om wat te fertellen oer in ûnderwerp dat gearhinget mei de skiednis fan ús doarpen.

Dizze webside is fuortkommen út it ferlet it orizjinele materiaal feilich te stellen. Op dit stuit beheind de webside him dan ek ta materiaal dat Aldfaers Erf yn besit hat.

 

It stribjen is lykwols dat dat materiaal gâns útwreide wurdt mei guod dat minsken thús lizzen ha. It is no net mear nedich sok materiaal oan Aldfaers Erf ôf te stean. De techniken fan hjoed-de-dei meitsje it mooglik materiaal sels yn te skennen en op dizze side te publisearjen.

Watfoar kant oft it fierder krekt mei dizze side út giet, witte wy net. Der binne lykwols ideeën genôch dy't fierder omtinken freegje. Tink dêrby oan filmmateriaal, lûdsmateriaal en (want de tiid giet troch) âlde websiden?

Koartsein: eins is alles wat jim as besikers nijsgjirrich achtsje, foar ús de muoite wurdich. Wy steane jim graach te wurd!